Leeuwarder Courant, 17 oktober 2015


De Moanne, 17 novimber 2015>


Theater Meerzigt
http://www.theatermeerzigt.nl

Na het daverende succes van Sterke Froulju met 'De Faginamonologen' komt deze bijzondere en originele toneelgroep nu met de voorstelling:

“Dus…hy sûpte…” In tragikomyske ienakter fan Anja Steegstra.

Fenna en Hermien ha inoar by tafal troffen by in fakânsje yn Grikelân. Se ha inoar rom 25 jier net sjoen. Der wurdt in reuny op tou setten yn it stamkafee fan harren berteplak.
Wêr begjinne je nei fiifentweintich jier? Pakke se de tried sa wer op of binne se te fier ùtinoar groeid? En wie de freonskip wol sa hecht? En dy iene grap of weddenskip… hoe rûn dat of, wat wie dêr mei? It wie mar in grapke, dus….

Hilarysk, absurd, konfrontearjend en sjokkearjend; mar ek tagonklik, boartlik en minsklik. Mei oare wurden, tige werkenber toaniel.

Spilers: Anja Epema, Jeltje Joustra, Wytske Kooistra, Ineke Kalteren
Regisseur: Hans van Buuren



Woudklank desimber 2014





Actief media oktober 2014





Actief media 26 febrewaris 2014 Resinsje

Sterke Froulju mei ‘dus….hy sûpte’ in tragi-komyske ienakter fan Anja Steegstra
De ‘Sterke Froulju’ ha snein 16 febrewaris wer foar in útferkochte seal yn Tytsjerk spile (90 minsken) en sille hjirnei noch ferskate teaters en oare smûke lokaties oandwaan. De earstfolgjende is 4 april om 20:00 oere yn de Einekoer yn Ryptsjerk. Dan graach wol reserveare bij de culturele commissie cacryptsjerk@gmail.com of 0511-432263.

Sterke Froulju en in sterke regisseur
It stik wurdt spile troch: Anja Epema, Jeltje Joustra, Ineke Kalteren en Wytske Kooistra. Regisseur is Hans van Buuren
Dêr stiene se snein wer ..De Sterke Froulju út Tytsjerk en Ryptsjerk. Se wurde al in begryp. Sterk spylje se, izersterk. .Se hâlde dy fêst fan it begjin oant de ein. Komplimenten.
Ek komplimenten oan de regisseur Hans van Buuren, moaie oergongen en in moai teatraal barren. Foaral de stiltes meitsje it moai. De sêne yn de disko wie geweldich. Ynienen stiene dêr in stel pubers..spikerjaske oan, rokje wat omheech, in diskolamp en ABBA en de Froulju binne ynienen 16/17 jier.

Wêr giet it stik oer?
Fenna en Hermien ha inoar by tafal troffen by in fakânsje yn Grikelân. Se ha inoar rom 25 jier net sjoen. Der wurdt in reuny op tou setten yn it stamkafee fan harren berteplak. Wêr begjinne je nei fiifentweintich jier? Pakke se de tried sa wer op of binne se te fier ùtinoar groeid? En wie de freonskip wol sa hecht? En dy iene grap of weddenskip…hoe rûn dat ôf, wat wie dêr mei? It wie mar in grapke, dus….Hilarysk, absurd, konfrontearjend en sjokkearjend; mar ek tagonklik, boartlik en minsklik. Mei oare wurden, tige werkenber toaniel. De fjouwer froulju sette harren rollen stik foar stik goed del. It is in aardichheid om dizze froulju spyljen te sjen. It tema reúnie makke nei ôfrin hiel wat tongen los. Foar ynformaasje kinne jimme op de webside sjen www.sterkefroulju.nl





  gepost op: 24-12-2013 23:22   door: Speedydown