Wat spylje wy yn 2018 ?




Nei de suksesfolle foarstellingen ‘Fjouwer om ien’, ‘de Faginamonologen’ en ‘Dus hy Sûpte’en Memmesiel kundigje wy ‘Opstigings’ oan. Humoristysk kabaret, te sjen tusken febrewaris 2018 en july 2019 yn ferskate teaters, doarpshûzen en oare sealen yn Friesland.




“Opstigings”



in freondinnekomeedzje troch de Sterke Froulju en muzyk?
In oersetting fan ‘’opvliegers’ in humoristysk stik. Dit kear sjonge de froulju sels ek.
Fjouwer freondinnen gean foar de fiifde kear op fakânsje mei harren reisklubke ""De Opstigers". Mar op Baly komme se harren sels tsjin. Alle fjouwer froulju sitte yn de oergong. Hoe geane se der mei om? Hokker problemen komme se tsjin? Ien ding is wis: se komme oars werom as doe't se fuortgongen.

Sexy. swingend. hilarysk. ûntroerend. En soms ek gewoan freeslik waarm… :-)!
De spylsters binne: Anja Epema, Jeltje Joustra, Ineke Kalteren en Wytske Kooistra

De Sterke Froulju binne te boeken fanôf oktober 2017

Mei tank oan de Provinsje Fryslân en it prins Bernhard cultuurfonds



Wat ha de Sterke Froulju al spile?
2015-2016 “Memmesiel”
2014 “Dus... hy sûpte!”
2012 “De faginamonologen: etui,sûkerpotsje, grot, stoartgat, sneedpraatsjes"
2011 “De Bildstars”, mei in bus troch Fryslân.
2010 “Fjouwer om ien”, foar de froulju skreaun troch Bertus Klazinga
2009 “Sterke Froulju”
2008 “Wraak”

  gepost op: 24-12-2013 20:14   door: Speedydown