Wa binne wy



De Sterke Froulju
Wy binne in groep froulju tusken de 45 en 57 jier. Us groep spilet wat koarte, ùtdagende en bysûndere stikken, net de trochsnee doarpstoanielstikken. Wy binne in groep fleuriche froulju, freondinnen. De“Sterke Froulju” binne al aardich bekend yn Fryslân. Wy spylje yn teaters, op lokaasje en by bysûndere gelegenheden. We ha stikken spile as: “Faginamonologen, Fjouwer om Ien, Dus hy sûpte en Memmesiel.


De Sterke Froulju út Tytsjerk/Ryptsjerk sykje foar de freondinne-komeedzje “Opstigings” in

regisseur m/f



De ôfrûne seizoenen ha wy ûnder lieding fan Hans van Buuren mear groei yn ús spul krige. Dit wolle we graach trochsette. Wy sykje in regisseur mei ûnderfining yn it regissearjen en in kreative geast dy’t wat oan it spul tafoegje kin (bygelyks ek mei sjongen, beweging en muzyk). Wy binne persoanlikheden dy’t ús wol rêde kinne op it poadium, Wy freegje in ‘coachende’ hâlding fan de regisseur. In begelieding dy’t rjochte is op wille, feiligens, betrouen en groei mei inoar.

Wy fiere ús Frysktalige foarstellingen ûngefear tsien oant fjirtjin kear op yn Fryslân.
De repetysjejûnen stelle we mei inoar fêst. Meastal repeteare we fan 19:30 -22:30 yn it doarpshûs ‘Yn ‘e Mande’ yn Tytsjerk. Wy kinne in lytse fergoeding biede.

Anja Epema, Wytske Kooistra, Ineke Kalteren, Jeltje Joustra
Reaksjes graach nei Ineke Kalteren: inekal@chello.nl telefoannûmer: 0619876661


  gepost op: 24-12-2013 19:35   door: Speedydown